Kringloopwarehûs Het Goed set útein yn Wolvegea

Kringloopwarehûs Het Goed iepenet tongersdei njonken Home Centre yn Wolvegea it 25ste filiaal. De organisaasje sprekt net fan in kringloopwinkel, mar fan in kringloopwarehûs mei eigen ynkeap, mar minsken kinne ek sels healsliten guod oanbiede.
Home Centre eigener Sicco Kapenga hat Het Goed sels benadere om har yn Wolvegea te festigjen. Klanten dy't by him in bank keapje kinne de âlde bank dan ôfstean oan Het Goed. Dy ferkeapet de bank dan wer yn de eigen kringloopwinkel. Der wurkje trije minsken by de kringloopwinkel.
De filosofy fan Het Goed is om de saken eigentiids en oersichtlik te presintearjen. It bedriuw wol ek minsken 'mei ôfstân ta de arbeidsmerk' in kâns jaan. Het Goed is net de earste kringloopsaak yn Wolvegea.