Hurdriders trappearre by slûzen Koarnwertersân op Ofslútdyk

De brêge by Koarnwertersân © Omrop Fryslân, Joris Kalma
De plysje hat woansdeitemiddei twa rydbewizen ynnaam op de Ofslútdyk. De bestjoerders rieden fierste hurd by de slûzen fan Koarnwerdersân del. Dêr mei net hurder as 70 kilometer yn 'e oere riden wurde. In 41-jierrige Grinslanner ried lykwols 131 kilometer yn 'e oere. In 39-jierrige Amsterdammer moast syn papierke ek ynleverje. Hy kaam mei 133 kilometer yn 'e oere by de kontrôle del.
De mjittingen wiene op it midden fan de slûzen. Neffens de plysje op in plak dêr't minsken genôch tiid hân hawwe om ôf te remjen.
Letter pakte de plysje ek noch in 45-jierrige Ljouwerter dy't mei 137 kilometer yn de oere by de slûzen delried. In 24-jierrige automobilist út Punthorst, in útbuorren by Staphorst, ried 133 kilometer yn de oere op dat plak, dêr't 70 it maksimum is.