Roemeen moat fjouwer wiken de sel yn foar winkelstellerij

In 22-jierrige Roemeen moat fjouwer wiken de sel yn foar stellerij út winkels yn Snits, Easterwâlde en Súdwolde yn Grinslân. De man waard op 2 maart oanhâlden yn in hotel yn Easterwâlde. Hy wie dêr mei in 17-jierrich famke en in 31-jierrige man, dy't beiden ek út Roemenië kamen.
In wike dêrfoar wie der parfum en make-up stellen út in winkel yn Súdwolde. De hoteleigener seach de Roemenen op bylden dy't troch de plysje frijjûn wiene. Yn de hotelkeamer fûn de plysje dêrnei in protte stellen guod.
It famke en de âldere man seine dat se neat mei de dieverij te krijen hiene. Dêrtroch koene se net feroardiele wurde. De 22-jierrige Roemeen joech ta dat er belutsen wie by de stellerij. De auto dêr't de trije yn rieden stie op namme fan dy Roemeen.
Om't de man net earder mei justysje yn oanrekking west hat, ek net yn syn bertelân, krige er foar dizze kear de auto werom. De rjochter sei: "Mocht u nog eens Nederland willen bezoeken om tulpen te bekijken, dan bent u welkom. Voor het plegen van diefstallen niet."