Katalaanske studinte promovearret yn Ljouwert op urine

30 mrt 2016 - 17:12

Yn Ljouwert is freed de allerearste promoasje fan de nije Fryske kampus fan de universiteit fan Grins. In Katalaanske promovenda hat ûndersyk dien nei it heljen fan kalium en ammoanium út minsklike urine. Dy stoffen binne wichtich yn 'e lânbou.

Yn in mienskiplik promoasjetrajekt by Wetsus en de Ryksuniversiteit Grins is in membraan ûntwikkele om de stoffen te skieden. Dat membraan is skielk mooglik te brûken yn in wettersuveringsynstallaasje. Foardiel is ek dat kalium en ammoanium net yn it miljeu telâne komme.

Promoasje yn stedhûs
Neffens dekaan professor Jouke de Vries wurde de kommende jierren noch mear promoasjes ferwachte. Yn 2011 binne tweintich promovendi begûn, in pear jier letter nochris fyftjin. De promoasje fynt plak yn de histoaryske Oranjeseal yn it stedhûs fan Ljouwert.

Frysk leard
De Spaanske studinte - Anna Casadellà - hat genoaten fan har tiid yn Fryslân: 'Ik kom uit Catalonië, dat in Spanje een positie heeft die vergelijkbaar is met die van Friesland in Nederland', seit sy. Sy hat sels wat Frysk leard. 'De analisten spraken mij vaak aan in het Fries. Maar verder was het lab van Wetsus een zeer internationale omgeving. Een prima plek om te werken.'

Dominikaanske Republyk
Anna Casadellà studearre skiedkunde oan de universiteit fan Girona en helle har dêr tagelyk in master yn Wetterwittenskip en Technology. Nei in staazje by Wetsus krige sy dêr in promoasjeplak oanbean. Nei har promoasje sil se as frijwilliger oan de slach by in NGO yn de Dominikaanske Republyk, dêr't se har dwaande hâlde sil mei wettertechnology en hygiëne. Nei dizze ûnderbrekking hoptet sy wurk te finen yn dit fjild.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)