FIDEO: It Fryske hynder as filmstjer
It Fryske hynder is populêrder as ea. Dochs hat dat net altyd sa west. Yn har nijste boek Het Friese Paard omskriuwt Jorieke Savelkouls de histoarje fan Fryslân's ferneamdste eksportprodukt. Jorieke komt del yn Bynt om dêroer te fertellen. Te sjen binne histoaryske bylden fan Fryske hynders. En ek: It Fryske hynder as filmstjer yn Hollywoodproduksjes.