Walfiskkaak Skiermûntseach komt 7 april werom

30 mrt 2016 - 13:15

De karakteristike walfiskkaak fan Skiermûntseach komt op 7 april werom nei it eilân. De kaak is ein jannewaris fuort helle en wurdt op it stuit restaurearre yn Amsterdam by jachtwerf Rhebergen. De kaak hat yn de oven west en in beskermingslaach krigen.

It giet om de ûnderkaak fan in blauwe finfisk dy't op 6 maart 1950 yn de Súdlike IIssee sketten is. De kaak fertsjintwurdiget de perioade fan de walfiskjacht fan Skiermûntseach ôf en stiet sûnt 2 augustus 1951 prominint yn it sintrum fan it doarp.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)