Foarsitter fúzje: Beslút Dantumadiel is spitich

Foarsitter Jelle de Vries fan de amtlike fúzje tusken de gemeenten Dantumadiel, Dongeradiel, Kollumerlân en Ferwerderadiel neamt it spitich dat de ried fan Dantumadiel tiisdeitejûn besletten hat om selsstannich fierder te gean. De gefolgen fan dit beslút binne neffens De Vries noch net bekend.
Derneist ûntstiet in frjemde situaasje no't Dantumadiel nei alle gedachten wol meidocht oan de amtlike fúzje, mar net oan de bestjoerlike fúzje.
Dantumadiel dochs noch oerhelje
Neffens De Vries, ek wethâlder fan Ferwerderadiel, sil der freed besocht wurde om Dantumadiel oer te heljen dochs mei te dwaan oan de fúzje.