Ynspeksje docht ûndersyk nei provinsje oangeande ôffaloven

30 mrt 2016 - 10:57

De Inspectie Leefomgeving en Transport (ILT) docht ûndersyk nei de taakútfiering fan de provinsje oangeande de ôffaloven yn Harns. Dat lit steatssekretaris fan miljeu, Sharon Dijksma, witte yn har antwurden op keamerfragen oer de REC. GrienLinks stelde keamerfragen oer it tafersjoch fan de provinsje op de ôffaloven nei oanlieding fan de steuring yn oktober ferline jier, dêr't mear dioksine by frijkaam as tastien is.

Reden ûndersyk

Oanlieding foar de ILT om ûndersyk te dwaan is it sinjaal ''dat mogelijk oogluikend iets is toegestaan''. Hjirmei wurdt it struktureel gebrûk fan de bypass bedoeld, as de oven wer opstarten wurdt. Dan wurdt lucht nei bûten ta blaasd, sûnder dat it troch it doekefilter giet. De steatssekretaris lit witte dat it gebrûk fan in bypass allinnich mar mei as it echt net oars kin by steuringen.

Reaksje provinsje

Deputearre Michiel Schrier lit witte net skrokken te wêzen fan it ûndersyk. "Het is nooit verkeerd om de inspectie hier naar te laten kijken. Het is een teken dat de staatssecretaris deze kwestie serieus neemt en zorgvuldig wil zijn. We zijn niet bang, we hebben niks te verbergen. We hebben drie weken geleden de gevraagde informatie door de inspectie aan hun gegeven en werken volledig mee. Het is alleen maar goed dat de inspectie er naar kijkt, ook voor de inwoners van Harlingen.''

GrienLinks easket ynformaasje fan FUMO

De GrienLinks Steatenfraksje wol sa gau mooglik ynsjoch hawwe yn de ynformaasje dy't de FUMO oan de ILT jûn hat. Ek wol de fraksje witte wannear't it ûndersyk klear is, om't se sa mooglik witte wolle oft de ILT wol of net yngrypt. "De ILT komt pas in beeld als ze het vermoeden heeft van taakverwaarlozing door de provincie. Wij worden door deze antwoorden bevestigd in ons beeld dat de FUMO niet echt hard loopt qua handhaving. Dit is zeer verontrustend, want dit gaat niet alleen om 'zeer zorgwekkende stoffen' die uit de oven kunnen komen, maar ook om de geloofwaardigheid van de overheid", sa seit Retze van der Honing, fraksjefoarsitter GrienLinks.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)