Slagge 'Frysk-Europeeske lânboujûn' yn it Mauritshûs

30 mrt 2016 - 02:04

De Fryske jûn yn it Mauritshûs fan Europarlemintariër Jan Huitema luts tiisdeitejûn mear as hûndert gasten. It gie om leden fan de lânboukommisje yn it Europeesk Parlemint, steatssiktaris Martijn van Dam en oare pommeranten út de Fryske en Nederlânske lanbouwrâld. Sy krigen in waarm miel, makke mei allinnich Fryske yngrediïnten. Op it menu stiene ûnder oare tsiisslaad mei neiltsiis, jachtskûtel en in neigesetsje fan sûkerbôle en selsmakke iis.

Der wiene taspraken oer ynnovaasje yn de lânbou troch ûnder oare steatssiktaris Martijn van Dam.

Jan Huitema is dizze wike, yn it ramt fan it Nederlânske foarsitterskip fan de EU, trije dagen troch Nederlân op stap mei de Europeeske lânboukommisje lâns ynnovative bedriuwen en lânbouprojekten. Hy hopet it draachflak foar syn rapport oer ynnovaasje yn de lânbou yn it Europeesk Parlemint te fergrutsjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)