Begjinnend automobilist rydt fierste hurd: rydbewiis kwyt
De plysje hat tiisdeitejûn it rydbewiis fan in 21-jierrige automobilist út Blije ynnaam. De begjinnend bestjoerder ried mei 138 kilometer yn 'e oere oer de dyk Dokkum-Holwert. Op it stik dyk mei net hurder as 80 kilometer yn 'e oere riden wurde.
De plysje trappearre de jonge bestjoerder by Boarnwert.