Biste-opfang De Fûgelhelling rjochtet stipersklup fan 100 op

In stikelbaarch yn De Fûgelhelling © Omrop Fryslân, Timo Jepkema
De Fûgelhelling yn Oerterp begjint in eigen 'Klup fan 100'. Dy moat jild yn it laadsje bringe foar de fersoarging fan de seistûzen fûgels en oare bisten dy't dêr alle jierren opfongen wurde. Doel is dat bedriuwen, mar ek partikulieren, de opfang op syn minst trije jier stypje foar 100 euro jiers. In heger bedrach is ek wolkom. Yn ruil dêrfoar kinne minsken koarting krije by it brûken fan in seal fan de opfang of se kinne in rûnlieding krije.
De Fûgelhelling is ôfhinklik fan jeften en donaasjes. De organisaasje kriget gjin oerheidsjild.