Siler Pieter-Jan Postma klimt yn klassemint Mallorca

Pieter-Jan Postma (argyffoto) © : Robert Deaves
Pieter-Jan Postma is nei it tredde plak klommen yn it tuskenklassemint fan de regatta om de Trofeo Princesa Sofia foar de kust fan Palma de Mallorca. De Finnsiler út Terkaple begûn de twadde dei fan it toernoai op it sechsde plak, mar wist him mei in 34e en in earste plak omheech te wurkjen nei it tredde plak. Dat moat er wol diele mei de Brit Giles Scott.
De sylwedstriid by Palma de Mallorca duorret noch oant en mei sneon.