FIDEO: Sjeasride yn Warkum

Fryslân DOK is dit wykein de earste fan in rige dokumintêres oer it Fryske hynder te sjen. De makkers fan It Swarte Goud, sa't de dokurige hjit, fleagen de hiele wrâld oer om de betsjutting fan it Fryske ikoan fêst te lizzen. Yn Bynt dizze wike moaie ferhalen dy't de útstjoering net helle hawwe. Hjoed it konkoers fan Warkum, mei sjeasriderij yn Fryske klaaiïnge.