Dokkumer fibula no te besjen yn Fries Museum

De fibula dy't okkerdeis fûn waard by Dokkum, is tiisdei presintearre yn it Fries Museum. De fibula makket dêr diel út fan de tentoanstelling Goud - gevonden schatten uit de middeleeuwen. It museum is tige wiis mei de oanwinst. Net allinnich fanwege it unike karakter fan de fibula. In moaiere oanfolling en lûker foar de rinnende tentoanstelling oer 'gouden fynsten út de midsiuwen' is hast net te betinken.
Tjeerd Hiemstra fan Kollum en Wytse Tjepkema fan Blije fûnen de Skandinavyske mantelspjelde mei de metaaldetektor.
De mei goud beleine fibula, mei in ôfbylding fan de god Wodan, is fan bysûndere wearde foar de Fryske skiednis. It stik is in foarrinner fan de ferneamde fibula fan Winaam. Hy stamt út likernôch it jier 500 nei Kristus. Doe strutsen de Angelsaksen yn Fryslân del. Oer dy tiid is net in soad bekend. It is hiel goed mooglik dat op it plak fan de mantelspjelde noch mear nijsgjirrige saken lizze. Mar de finers hâlde de mûle stiif ticht as it giet om it krekte fynplak.