Snitser skoalbern komme yn de kunde mei religieuze gebouwen

29 mrt 2016 - 17:00

Skoalbern yn Snits kinne yn de kunde komme mei trije monumintale religieuze gebouwen yn de stêd. It giet om de Roomske Sint Martinustsjerke, de protestantse Martinitsjerke en de Ayasofyamoskee. It projekt is ûntstien út de winsk om bern mear te fertellen oer de monuminten yn de gemeente. Bern leare wat oer boustilen en de gebrûken, mar ek wat religys meielkoar ferbynt.

Foar it projekt is spesjaal lesmateriaal makke. Sa krije de bern rûnliedings en kinne se opdrachten dwaan.

.

Trefwurden: 
tsjerke moskee Snits
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)