Sietse de Vries skriuwt tekst Grut Frysk Diktee

Switte yn de Steateseal op in eardere edysje fan it Grut Frysk Diktee © Omrop Fryslân
De tekst fan it Grut Frysk diktee wurdt dit jier skreaun troch sjoernalist/skriuwer Sietse de Vries. Wa't meidwaan wol, moat him kwalifisearje op www.omropfryslan.nl/fryskdiktee of op de Omrop-app. Op 10 maaie is yn it Provinsjehûs it echte diktee.
De Vries wol de dielnimmers útdaagje. ‘In sadistyske ynslach haw ik leau 'k noait hân. Mar doe't ik de earfolle opdracht krige om it diktee te skriuwen, tocht ik wol fuortendaliks: "It sil my net oerkomme dat ik de earste bin mei in winner sûnder ek mar ien flater."
Nije stavering
De fjirtjinde edysje fan it Grut Frysk Diktee folget de regels fan ’e offisjele stavering fan it Frysk, ynklusyf de oanpassingen dy’t sûnt jannewaris 2015 jilde (bgl. drûch yn stee fan droech en telefyzje yn stee fan televyzje).
Slutingsdatum
De kwalifikaasje slút op moandei 18 april. Dêrnei krije de 35 bêste ynstjoerders berjocht dat se meidwaan meie oan de finale op 10 maaie.
Ferneamde Friezen
Neist de minsken dy’t harren kwalifisearje, dogge ek ferneamde Friezen mei, lykas foarsitter Wiebe Wieling fan ’e Alvestêdeferiening en presintator Welmoed Sijtsma fan it Jeugdjournaal.
Op telefyzje
It Grut Frysk Diktee is op woansdei 11 maaie te sjen by Omrop Fryslân op telefyzje.
Meiprate 
Meiprate oer it diktee of oer de útstjoering kin op Twitter mei de hashtag #diktee2016.
Lyts Frysk Diktee
Op tiisdei 10 maaie is  yn ’e Steateseal ek in Lyts Frysk Diktee foar de groepen 7 en 8 fan ’e basisskoallen. It lyts diktee wurdt foarlêzen troch skriuwer en ûnderwiisman Thys Wadman.
Organisaasje
De organisaasje fan it diktee leit yn hannen fan ’e Afûk, Cedin, Omrop Fryslân en de Fryske Akademy.