Net mear mei jild betelje yn de bus

29 mrt 2016 - 15:55

Sjauffeurs fan ferfiersbedriuw Arriva hoege yn de takomst gjin kontant jild mear yn de bus te hawwen. Dat hat Arriva ôfpraat mei de fakbûnen FNV en CNV. Oanlieding binne de oerfallen op sjauffeurs fan de ôfrûne tiid troch minsken dy't op jild út wiene.

Yn de bussen komt apparatuer wêrtroch't der net mear mei kontant jild betelle wurde kin. Arriva is de earste busmaatskippij dy't soks ynfiert. Wannear't it nije systeem der komt, is noch net bekend.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)