Europarlemintariërs bringe besite oan Nederlânske lânbou

Sechtjin Europarlemintariërs út tsien lannen begjinne tiisdei oan in trijedaagse wurkbesite oan de Nederlânske lânbou. De leden fan de lânboukommisje ferdjipje harren op útnûging fan Europarlemintariër Jan Huitema (VVD) benammen yn ynnovaasjes.
It giet dan ûnder oare om presyzjelânbou mei help fan drones en natuerlike syktebestriding by planten mei help fan ynsekten. De kommisje komt net nei Fryslân. Jûns is der wol in ûntfangst yn it Mauritshûs yn Den Haach wêryn't Fryslân sintraal stiet.
Fryske streekprodukten
De Europarlemintariërs krije dan in diner fan allinnich Fryske streekprodukten. Fertsjintwurdigers fan de Fryske lânbou binne ek foar de ûntfangst útnûge. De lânbou-ekskurzje fynt plak yn it ramt fan it Nederlânske foarsitterskip fan de EU.
It is foar Jan Huitema in wichtich momint. Hy hat foar it Europeesk Parlemint in rapport skreaun oer ynnovaasje yn de lânbou, dêr't it parlemint meikoarten oer stimme sil. Mei de wurkbesite hopet Huitema syn kollega's te oertsjûgjen fan it belang fan lânbou-ynnovaasje.