Publykspanel foar bettere ferkearsfeiligens ryksdiken

Rykswettersteat, de plysje en it Iepenbier Ministearje sette útein mei in nij publykspanel oer de ryksdiken yn Noard-Nederlân. Mei it panel wurdt de miening fan ferskate groepen ferkearsdielnimmers oer de feiligens op de diken ûndersocht.
De belutsen organisaasjes hoopje op dizze wize de feiligens op 'e dyk fierder te ferbetterjen. Alle ynwenners fan Noard-Nederlân kinne har oanmelde foar it panel. Se krije dan trije kear yn it jier in list mei fragen tastjoerd.
Dêrneist wolle Rykswettersteat, de plysje en it Iepenbier Ministearje jierliks inkelde gearkomsten organisearje om yn petear te gean oer spesifike ûnderwerpen.
Earder hat it projekt 'A7-veilig' west, dat gie allinnich oer de A7, mar yn dit projekt giet it om alle rykswegen yn Fryslân, Drinte en Grinslân. Minsken dy't meidwaan wolle, kinne har fia de webside fan Rykswettersteat oanmelde.