Frou (19) oanhâlden foar besit fan pûdsjes mei drugs

29 mrt 2016 - 08:46
Speed - Foto: ANP XTRA

De plysje hat yn de nacht fan peaskemoandei in 19-jierrige frou út Drachten oanhâlden. By kontrôle fan de auto dêr't de frou ynsiet, die bliken dat se pûdsjes mei drugs by har hie. Neffens de plysje giet it nei alle gedachten om speed. De frou is oerbrocht nei it plysjeburo fan Ljouwert foar ferhoar en ûndersyk.

Trefwurden: 
drugs speed oanhâlding
(Advertinsje)
(Advertinsje)