Clemenstsjerke moat mooglik langer wachtsje op de toer

Weropbou ôfbaarnde Clemenstsjerke It Amelân © Clemenstsjerke It Amelân yn weropbou
It is noch mar de fraach of de Clemenstsjerke op It Amelân tiisdei syn toer weromkrijt. Troch de hurde wyn kin it spektakel mooglik net trochgean. De tsjerke baarnde trije jier lyn folslein ôf. De fersekering kearde 3,2 miljoen euro út foar de weropbou. Mei fûnsen en donaasjes is der jild oer foar ûnder oare isolaasje en flierferwaarming. It weromsetten fan de toer soe in hichtepunt wêze yn it trajekt, en der wiene in protte minsken útnoege foar it momint. De festiviteiten binne no ôfsein. Oft it wurk trochgean kin moat noch besjoen wurde.