In jier Skanomodu: tûzen besikers yn 'e moanne

28 mrt 2016 - 21:54

It Frysktalige Ynternettydskrift Skanomodu bestiet moandei op 'e kop ôf in jier. Op 28 maart 2015 waard it Y-skrift lansearre op it Sirkwy Sympoasium yn de Koperen Tún. Skanomodu wol in poadium biede oan jonge Friezen.

It Y-skrift publisearret behalve ferhalen en gedichten ek artikels op it mêd fan kultuer, maatskippij en taal & wittenskip. De redaksje kaam út de rûnten fan de studinteferiening foar Fryske Taal en Kultuer oan de Ryskuniversiteit Grins. It Y-skrift lûkt in jier nei oprjochting alle moannen sa’n 1000 unike besikers.

“Wy ha aardich wat jonge Friezen passyf en aktyf belutsen by de Fryske kultuer. Sa hawwe bygelyks moai wat minsken debutearre op ús side,” sa seit mei-oprjochter en redaksjelid Meindert Reitsma. “It is en bliuwt dreech om yn sa'n lyts gebiet mei sa'n beheind publyk de saak draaiende te hâlden. Likegoed wolle wy trochsette om ús lûd hearre te litten en mei in nije en frisse blik sjen te litten wat der spilet en saken kritysk te hifkjen,” sa seit Reitsma.

Trefwurden: 
Skanomodu Fryske taal kultuer
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)