Gjin Fryske winner by earste gersbaanrace fan it seizoen

28 mrt 2016 - 19:24

By de earste gersbaanrace fan it seizoen yn Staphorst is Dirk Fabriek fan Jobbegea der krekt net yn slagge om de winst binnen te heljen. Fabriek einige op it twadde plak, achter Romano Hummel fan Hoogkerk. It poadium waard kompleet makke troch de Dútske Stephan Katt. De oare Fries yn de race, Henry van der Steen fan Aldebiltsyl, einige yn de A-finale njonken it poadium op in fiifde plak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)