FIDEO: Aaipop kin nettsjinsteande de wyn gewoan trochgean

28 mrt 2016 - 17:52

Yn Nijlân wurdt moandei neffens tradysje op Peaskemoandei it Frysktalige muzykfestival Aaipop hâlden. De 29ste edysje fan it festival hat wer in grut ferskaat oan artysten, fan rappers oant rockbands. De optredens yn de tinten kinne ek gewoan trochgean. Der moast wol ekstra ferankering oanbrocht wurde yn ferbân mei de hurde wyn. It Aaipop festival duorret noch oant moandeitejûn let.

Trefwurden: 
Aaipop festival muzyk
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)