Fibula fan Dokkum krijt plak yn it Fries Museum

© F. de Vries
It Fries Museum hat der fan tiisdei ôf in nije archeologyske fynst by: in gouden 'fibula', in mantelspjelde út de midsiuwen. Om 12 oere wurdt de fibula foar it earst toand yn de útstalling 'Goud - gevonden schatten uit de middeleeuwen'. Koartlyn binne de twa parten fan de mantelspjelde byinoar kaam. Detektor-ûndersiker Tjeerd Hiemstra hie jierren lyn de foetplaat fan de fibula fûn yn it lân by Dokkum; letter fûn syn maat Wytse Tjepkema de oare helte, nammentlik de boppekant fan de spjelde.
De fibula is in fergulde sulveren spjelde út Skandinavië fan fiif-en-in-heale sintimeter grut. Der stean ôfbyldings op út de Noardske mytology. Hy wurdt datearre tusken 480 en 530 nei Kristus. Histoarysk sjoen is it in tige wichtige fynst. It is in foarrinner fan lettere mantelspjelden lykas de fibula fan Winaam, dy't ek yn it Fries Museum leit.