Hûnderten podden oerset by Beetstersweach

Landschapsbeheer Friesland hat skermen pleatst oan de Poostweg by Beetstersweach, om podden te helpen by de jierlikse poddetrek. Moandei binne der sa'n 250 podden oerset. Snein wiene dat der sels 670.
No't de temperatuer omheech giet, komt de poddetrek wer goed op gong. Alle jierren helpe frijwilligers yn de maitiid in oantal wiken om tusken de 3000 en 4000 podden oer de Poostwei hinne te setten. As dat net dien wurdt, wurde in soad podden deariden.