Welcome To The Village hat twadde headliner binnen

Welcome to the Vilage 2014 © Omrop Fryslân, Jaap Elzes
Mei de band The Boxer Rebellion hat it Ljouwerter festival Welcome To The Village syn twadde grutte headliner binnenhelle. Earder waard al bekend dat Django Django nei it festival komt.
The Boxer Rebellion komt út London en is benammen bekend fan it nûmer Diamonds. Ein april bringt de band in nije cd út. Neist The Boxer Rebellion komme ûnder oare ek SUUNS, All We Are en harpist Remy van Kesteren nei Welcome To The Village. Dat wurdt fan 15 oant en mei 17 july hâlden yn natuergebiet Griene Stjer.