Lieuwe Westra: Maksimumsnelheid foar motorriders

Der moat in maksimumsnelheid foar motorriders komme om de feiligens fan hurdfytsers yn wedstriden te garandearjen. Dat seit hurdfytser Lieuwe Westra fan 'e Tynje yn reaksje op it deadlik ûngelok snein yn de koers Gent-Wevelgem.
De 25-jierrige Belgyske hurdfytser Antoine Demoitié foel nei 150 kilometer koers en waard dêrnei oanriden troch in motor. Hy ferstoar letter op 'e jûn yn in sikehûs.
Gedrach motorriders
Lieuwe Westra die sels ek mei yn Gent-Wevelgem. Hy ergeret him al langer oan it gedrach fan motorriders yn de koers. Se ride fierstente hurd, fynt Westra. Hy fynt dat de motorriders mei maksimaal 60 oant 70 kilometer de fytsers passearje meie. No bart dat meastentiids wol mei in snelheid fan boppe de 100 kilometer yn de oere. Ek ride der te folle motorriders mei by wedstriden, sa seit Westra, dy't skokt is troch de dea fan syn kollega.