'Friezen ferdield oer opfang flechtlingen'

Flechtlingen © ANP
Fryslân is ferdield oer de opfang fan flechtlingen, dat falt op te meitsjen út in enkête fan de NOS. De omrop sette in koarte fragelist op syn webside en 50.000 minsken beäntwurden dy.
Yn Fryslân binne de mieningen oer opfang fan flechtingen ferdield. De reaksjes binne yn trije groepen yn te dielen; posityf, negatyf en minsken dy't der tuskenyn sitte, om't se betingsten ferbine oan de komst fan flechtlingen. It Fryske byld komt dêrmei oerien mei it lanlike. De reaksjes stean op de webside fan de NOS.
De measte reaksjes komme fan minsken dy't wenje yn de buert fan in asylsikerssintrum (Sint-Anne, Drachten, Burgum) of needopfang (Ljouwert, Kollumerpomp, Grou).
Posityf
De measte reaksjes oer de opfang fan asylsikers binne posityf. Elske út Ljouwert skriuwt dat se goede erfaringen hat mei flechtlingen: "Ik heb een aantal vluchtelingen leren kennen en ben bevriend met hen geraakt, ben getroffen door hun verhalen. We hebben ondanks verschillende culturele achtergronden veel gemeen: we lachen samen, we willen graag een gelukkig leven, we willen van betekenis zijn voor elkaar."
Betingsten
Guon binne fan miening dat asylsikers wolkom binne, mar hawwe lykwols soargen en betingsten. Wies út Aldebiltsyl skriuwt oer de asylsikers yn Sint-Anne: "Het is rustig en heel gewoon dat ze er zijn. Waar ik me zorgen over maak zijn de grote groepen jonge mannen." Lisanne út Kollum hat gjin ferlet fan geloksikers: "De gelukzoekers, die hier puur voor werk en een huis komen, gun ik geen plek hier."
Negatyf
Der binne ek negative reaksjes op de opfang fan asylsikers. Neffens Gerrit út Snits is it foar ferskate minsken dreech om in betelbere hierwenning te finen, wylst asylsikers in wenning tawiisd krije.
Neffens de NOS is de enkête net in offisjeel wittenskiplik ûndersyk, mar jout dy wol in byld fan hoe't der oer de opfang fan flechtlingen tocht wurdt.