Priisfraach foar oplossing feangreidelân-problematyk

It wetterbehear yn it Fryske feangreidelân moat oanpast wurde foar de takomst. Yn wiete perioaden binne der problemen mei wetterberging, wylst op oare mominten it lân te drûch is. Boppedat is it de fraach oft de leechstlizzende gebieten yn de takomst geskikt bliuwe foar lânbou.
Der is in priisfraach foar de bêste ideeën foar it Fryske feangreidegebiet, yn it ramt fan it programma 'Better Wetter'. De priisfraach wurdt organisearre troch ARK Fryslân, yn gearwurking mei de hegeskoalle Van Hall-Larenstein en ûndersyksburo Altenburg en Wymenga.
Filmke
Untwerpers en studinten wurde útnûge om in filmke fan 2 minuten te meitsjen dêr't in idee of takomstdream foar it feangebiet yn ferbylde wurdt. Oant tiisdei 29 maart 12 oere middeis kin ynskreaun wurde foar de priisfraach. De filmkes meie oant 19 april ynstjoerd wurde. De haadpriis is 1.500 euro.