Man bewusteleas slein yn Wergea

© ANP XTRA
Yn Wergea is sneintenacht op strjitte in man bewusteleas slein. It giet om in 44-jierrige ynwenner fan de gemeente Ljouwert. Omwenners dy't geraas hearden warskôgen de plysje. Dy fûnen de man. Ek koe de dieder yn in kroech oanhâlden wurde. Nei alle gedachten hienen de twa rûzje.
Neist dat it slachtoffer út de tiid rekke, hat er ek ferwûnings oan each en kaak oprûn. Hy is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht. De plysje docht noch fierder ûndersyk.