Kollum: "Wakker Dier, rêd dy earme kantoarminsken"

28 mrt 2016 - 08:46

Nynke van der Zee fan Aldegea (Smellingerlân) is freelance-tekstskriuwer en ek wurket sy geregeld as buroredakteur op de redaksje fan Omrop Fryslân. Nynke skriuwt kollums sa’t sy sels is: nuchter, mar eins altyd mei in knypeach. Se is te folgjen op har webside www.nynketxt.nl.

"Dit wykein gong de klok in oere foarút en sitte wy offisjeel wer yn de simmertiid. Tiid foar de maitiid. Dat wy hjir allegearre mei smart op sieten te wachtsjen, blykt wol út alle foto’s dy’t ik op Facebook foarby kommen sjoch. Leave lytse lamkes, dy’t boartsje yn it lân en folop einepykjes dy’t efter mem-ein oan waggelje. Wy ha mei ús allen de maitiid yn ‘e kop. Mar der binne ék organisaasjes dy’t de maitiid krekt wat te bot yn ‘e plasse slein is.

Justermoarn waard ik wekker mei de reklame fan de fûgelbeskerming oer ‘Rijke weidemelk’. It reklamespotsje begjint mei it lûd fan it ynskinken fan in glês molke. Dêrnei folget krekt itselde lûd noch in kear, mar dan mei sjongende fûgels op ‘e eftergrûn. Want, sa seit de stim fan de reklame, dit kear giet it om Rijke weidemelk. Dizze molke wurdt dus blykber makke fan de molke fan skriezen en strânljippen. Liket my best lestich om in fûgel in bytsje knap te melken, trouwens.

Mar efkes sûnder gekheid: rijke weidemelk is molke makke troch kij dy’t net yn gewoan gerslân om banjerje, mar yn spesjaal greidefûgellân. It ferskil is dat der op dizze ‘rijke weide’ ferskate planten en gerssoarten groeie, dy’t it lân dêrtroch oanlokliker meitsje foar fûgels om der in moai nêstke te bouwen. Silst it ferskil úteinlik wol net priuwe yn de molke, útsein dan dat der in fleurige protter begjint te sjongen ast it ynjitst.

Mei dizze rijke weidemelkreklame noch yn de earen, stapte ik justermoarn ûnder de douche. En prompt wie it earste dat ik hearde dy reklame oer dûnsjende kij fan Wakker Dier. Dit kear gie it net om rijke weidemelk, mar om ‘stâlmolke’. Ast de reklame fan Wakker Dier leauwe meist is der gjin grutter fergif as dizze stâlmolke. It komt nammentlik fan kij dy’t álle dagen binnen stean. Yn in bedompt lyts staltsje, deun op inoar, sûnder sinneskyn of sjongende skriezen om har hinne.

Neat is minder wier fansels. It grutste part fan de kij yn Nederlân stiet yn in moderne romme stâl mei folop ljochtynfal en frisse lucht. Seker kij dy’t it hiele jier binnen stean, ha in prachtplak. Want wat Wakker Dier neffens my ferjit, is dat boeren ôfhinklik binne fan harren kij. It binne de wurknimmers, dy’t optimaal prestearje as se lekker yn har fel sitte. Hoe fleuriger de ko, hoe mear molke. Sa simpel is it no ien kear.

Mar neffens Wakker Dier hawwe kij dy’t op stâl stean in striemin libben. Want, sa stelle se, elke ko heart op syn minst 200 dagen yn it jier bûten te wêzen. En net efkes in oerke om in frisse noas te heljen, nee mar leafst 16 oeren deis. Ik jou earlik ta: persoanlik bin ik ek in foarstanner fan kij yn it lân. Mar it is goed om ek efkes fierder te sjen.

Ut ûndersyk docht nammentlik bliken dat in ko hâldt fan temperatueren tusken de min 5 en 18 graden. Rint it kwik op oant boppe de 20 graden dan kriget in ko al gau lêst fan de waarmte en giet se minder fretten. It gefolch is pensverzuring en hjittestress. Dus fan dy twahûndert ferplichte dagen bûten sil noch net de helte foldwaan oan de winsken fan in ko. Mei oare wurden: de helte fan de tiid stiet sa’n bist dêr in bytsje ûngelokkich te wêzen

Mar no komt it: se meitsje har dêr by Wakker Dier wakker drok om dizze earme kij dy’t dei en nacht binnen stean, mar hoe sit it eins mei al dy Wakker Dier-minsken sels? Hoefolle komme sy bûten? En ha se wol genôch romte om te bewegen, of sitte se yn lytse bedompte kantoarhokjes yn de Rânestêd? Krije se wol genôch sûne bûtenlucht binnen en hearre se alle dagen wol efkes wat greidefûgels fluitsjen? Ik tink it earlik sein net. 

Myn foarstel: neist de skarrelaaien en biologyske tsiis moat der yn de supermerk tenei ek in skap komme mei rijke weide minskemolke. Molke makke troch sûne bûtenkij, dy’t rûn ha yn in rijke weide, en dy’t dêrnei yn it pak getten is yn in fabryk dêr’t allinnich minsken wurkje dy’t minimaal 200 dagen yn it jier 16 oeren deis bûten west hawwe. 

Myn oprop? Wakker Dier, rêd dy earme kantoarminsken. Ik bin benijd oft we dêr ynkoarten ek in reklamespotsje fan hearre sille.."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)