Koade giel: Warskôging foar hurde wyn

© Omrop Fryslân
It KNMI hat foar moandeitemiddei koade giel ôfjûn, fanwegen de hurde wynstjitten dy't dan ferwachte wurde. Oan de noardwestlike kust hawwe dy wynstjitten mooglik in snelheid oant 110 kilometer yn 'e oere, boppe lân tusken de 70 en 90 kilometer.
Ferkear dat moandeitemiddei oer de Ofslútdyk wol, moat ekstra rekken hâlde mei de wynstjitten, omdat de wyn dan dwers op 'e dyk stiet. Benammen foar auto's mei in caravan of karre der achter kin dat nuodlik wêze. De ferwachting is dat de wyn oan it begjin fan de jûn ôfnimt.
Fanwegen de hurde wyn past Doeksen de feartsjinst nei de eilannen oan. Mear ynformaasje is te finen op de webside fan de rederij.