Nederlân wint muoisum fan België op WK kuorbal ûnder 19 jier

De Nederlânske kuorballers hienen snein in ferrassend soad muoite mei België yn de finale fan it WK kuorbal ûnder 19 jier, yn it Ljouwerter Kealledykje. By skoft wie de tuskenstân mei 13-7 noch rom foar de nasjonale ploech mei Leander Zwolle fan Wolvegea. Mar yn de twadde helte kamen de Belgen knap werom.
Yn de lêste minuten waard it hiel spannend by in stân fan 16-15. Dochs wie Oranje te sterk en kaam de einstân úteinlik op 22-18. De Nederlânske kuorbaljeugd waard dêrmei foar de njoggende kear op rige wrâldkampioen.