Auto oer de kop op Sintrale As by De Falom
In auto is sneintemiddei oer de kop slein op it nije stik fan de Sintrale As ter hichte fan De Falom. De oarsaak fan it ûngelok is net bekend. Ek is it net dúdlik oft der immen ferwûne rekke is.
De plysje en de brânwacht ha help ferliend. De swier skansearre auto is ôffierd.