Peaske-iepenloftspul yn Dokkum lûkt soad publyk

Yn de tún fan de Bonifatiuskapel by Dokkum ha op peaskesnein hast 1700 minsken meidien oan it grutte Peaske-iepenloftspul Hemelse Liefde. Tsientallen akteurs fertelden it ferhaal fan it lêste nachtmiel oant en mei de weropstanning fan Christus.
It iepenloftspul is in gearwurking fan tsien tsjerken yn Dokkum feriene yn it IEC, de Interkerkelijke Evangelisatie Commissie. De kommisje wol mei it stik de 'djippe betsjutting' fan dizze feestdagen útdrage.