Sliedrecht Sport wint fan VC Snits en pakt kopposysje

De follybalfroulju fan Snits spilen sneontejûn yn Sliedrecht te sloarderich om de thúsklup sear te dwaan. Allinnich yn de twadde set (18-25) luts de ploech fan trainster Petra Groenland oan it langste ein. De trije oare sets giene yn de sporthal fan Sliedrecht nei de thúsploech mei 25-17, 25-21, en 25-18. Snits koe yn de measte sets aardich meikomme, mar gie te rûch om mei de kânsen.
Foar de froulju út Sliedrecht betsjut de winst dat se ôfweve mei harren 'Sneek-syndroom'. Sliedrecht giet no oan kop yn de kampioenspûl. VC Snits stiet twadde.
Yn de kampioenspûl spylje seis ploegen. De nûmers 1 en 2 spylje úteinlik om de lânstitel.