Auto oer de kop op A31, bestjoerder ferwûne

De auto rekke slim skansearre by it ûngelok © Stefan Postema
Op de A31 by Menaam is sneontemiddei de bestjoerder fan in auto ferwûne rekke by in ûngelok. De man kaam út de rjochting fan Ljouwert en gie troch noch ûnbekende oarsaak flak foar de ôfslach Dronryp/Menaam oer de kop. De auto kaam op de sydkant ta stilstân njonken de A31.
De bestjoerder koe sels út de auto komme en waard oanslutend troch de helptsjinsten nei it sikehûs brocht. In bergingsbedriuw hat de auto ferwidere.