ONS pleatst him foar heale finale amateurbeker

26 mrt 2016 - 16:56

ONS Boso Snits hat him sneon pleatst foar de heale finale fan de noardlike amateurbeker troch mei 3-1 te winnen fan nammegenoat Oranje Nassau út Grins. De ploech fan trainer Richard Karrenbelt begong goed oan de wedstriid. Yn de 8e minút tekene Yumé Ramos foar de Snitser iepeningstreffer. Binnen it kertier wie it lykwols 1-1.

Yn in drege twadde helte sette Curty Gonzales mei noch 10 minuten op de klok de 2-1 op it boerd. Rap dêrnei soarge Gonzales mei syn twadde treffer foar de 3-1 einstân.

De tsjinstanner fan ONS wurdt tiisdei bekend en komt út de wedstriid tusken Staphorst en PKC '83.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)