Fryske amateurs betinke Johan Cruijff: "It wie stil"

26 mrt 2016 - 13:21

Yn it amateurfuotbal wurdt dit wykein rom omtinken jûn oan it ferstjerren fan Johan Cruijff. De legindaryske fuotballer ferstoar ôfrûne tongersdei op 68-jierrige leeftyd. It fuotbalbûn KNVB hat de klups oproppen om stil te stean by de dea fan Cruijff. En dat ha se sneontemiddei dien, ûnder oare yn Burgum, by de wedstryd yn de earste klasse tusken BCV Burgum en Bûtenpost.

In yndrukwekkend momint, seit ferslachjouwer Hayo Bootsma, dy't der by wie. "Der steane hjir sa'n 600 minsken lâns it fjild, mar it wie stil."

Foarsitter Age Kramer fan BCV joech graach gefolch oan de oprop fan it fuotbalbûn. "Cruijff hat kleur, fleur en ynhâld jûn oan it fuotbal yn Nederlân" seit er. "We wisten dat er siik wie, mar hy is dochs hommels weirekke. Dat libbet hjir wol yn it doarp." Yn Burgum hinge de flaggen healstôk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)