Deadlik slachtoffer by ûngelok yn Warkum

26 mrt 2016 - 07:32

In man fan 51 jier út Warkum is yn de nacht fan freed op sneon op it Súd yn syn wenplak om it libben kaam neidat er mei syn auto yn it wetter bedarre wie. Dûkers fan de brânwacht hawwe him út de auto helle. Underweis nei it sikehûs is de man stoarn.

De brânwacht hat noch socht nei mooglik mear slachtoffers, maar der waard neat fûn. De plysje docht ûndersyk nei de oarsaak fan it ûngelok.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)