''Goed om meielkoar te bidden foar in bettere wrâld''

25 mrt 2016 - 20:11

It is in goed idee om meielkoar te bidden foar in bettere wrâld. Dat seit Cem Kaya fan de Turkske Moskee yn Ljouwert. De Raad voor Marokkaanse moskeeën die earder dizze wike de oprop om freed, op Goedfreed, te bidden foar de slachtoffers fan geweld en foar frede yn de wrâld. De oprop kaam noch foar de oanslaggen yn Brussel, mar hat dêrnei mooglik noch wol mear betsjutting krigen.

Cem Kaya fan de Turkske moskee yn Ljouwert kin him goed fine yn it inisjatyf fan de Raad voor Marokkaanse moskeeën: "Samenhorigheid is altijd goed. In Leeuwarden hebben wij heel goede contacten met de christelijke en Joodse gemeenschappen. Wij roepen altijd op tot dialoog, omdat je alleen op die manier elkaars verschillen en overeenkomsten kunt zien. Iets gezamenlijks doen, daar sta je het sterkst mee."

Trefwurden: 
Cem Kaya Ljouwert moskee bidde
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)