UWV wol gebrûk Frysk dochs tastean by de klanteservice

Utkearingsorgaan UWV wol dochs tastean dat Fryske klanten by de klanteservice yn it Frysk terjochte kinne. Oant no ta wie it meiwurkers fan UWV ferbean om fragen yn it Frysk yn dy taal te beäntwurdzjen. Ek net as de meiwurker Frysk prate kin. Neffens in wurdfierder fan it UWV wie dit net mooglik omdat it petear fanwege kwaliteitsbewekking troch oare UWV-deskundigen, dy't gjin Frysk ferstean, op ynhâld beoardiele wurdt.
It UWV hat kontaktsintra yn Goes en Grins, dêr't alle fragen út it hiele lân behannele wurde.
Nei protesten fan Friezen dy't har lykwols net ferbrekke wolle, is de organisaasje no dochs ree om har taalbelied oan te passen. Neffens wurdfierder Jacomien Begeman sille de restriksjes foar it personiel oanpast wurde, sadat Frysktalige meiwurkers fan it UWV tenei Fryske klanten yn har eigen taal antwurd jaan kinne.