Plysje kontrolearret scooters en bromfytsen yn Ljouwert

© Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
By de Aldehou yn Ljouwert hat de plysje freedtemiddei in grutte ferkearskontrôle hâlden. Mear as tweintich scooters en bromfytsen binne kontrolearre. Tolve bestjoerders waarden op de bon slingere, om't de scooter opfierd wie, om't se sûnder rydbewiis rieden of om't de bannen net foldwaande profyl hiene.
Neffens in wurdfierder fan de plysje ride in soad scooters te hurd en soargje se foar lûdsoerlêst. De plysje sil dêrom faker kontrôles útfiere.