Earste skrieze-aai woansdei fûn yn Noard-Hollân

Skries © Remco de Vries
It earste skrieze-aai fan Nederlân is ôfrûne woansdei fûn yn Noard-Hollân. It aai waard flakby Uitdam fûn troch greidefûgelbeskermer Ab Kalkman fan Amsterdam. Kalkman fûn ek yn 2011 en 2015 op krekt itselde plak en op deselde datum it earste skrieze-aai fan Nederlân.
Der wurdt fanút gien dat it om deselde skries giet. Sûnt de hjerst fan 2015 is de skries de nasjonale fûgel fan Nederlân.