Op 'e nij lange rigen by de V&D yn Ljouwert

25 mrt 2016 - 13:26

De twadde dei fan de fallisemintsferkeap fan de V&D yn Ljouwert soarget opnij foar lange wachtrigen foar de kassa's. Tongersdei gie de winkel tydlik wer iepen. It wie doe sa drok dat de wachttiid om ôf te rekkenjen oprûn oant oardel oere. Neffens filiaalhâlder Auke Henk Doornbos is dat freed in heal oere. Hy is tefreden oer hoe't it giet.

Neffens him wurdt der mear omset draait as tidens de bêste dagen yn it ferline. Doornbos seit dat alles goed ferkeapet. Ek freed stiene der wer in soad minsken foar de doar te wachtsjen op de iepening.

Trefwurden: 
V&D drok fallisemintsferkeap
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)