Lieuwe Westra tinkt dat hurdfytse yn België feilich is

Hurdfytser Lieuwe Westra fan De Tynje giet der fan út dat koerse yn België feilich is, ek al stiet it lân yn brân troch de oanslaggen yn Brussel fan tiisdei. Westra stiet freed oan de start by de E3 Harelbeke-wedstriid. De organisaasje hat earder al witte litten twa kear sa folle befeiliging yn te setten.
Dat moat fertuten dwaan, tinkt Westra, dy't ek seit dat as terroristen in oanslach plege wolle, der neat tsjin helpt. Sportyf sjoen binne it wichtige dagen foar Westra mei snein Gent-Wevelgem en nije wike de Driedaagsje van De Panne.
Nije wike is ek de Ronde van Vlaanderen. De ôfrûne jierren hat Westra dizze wedstriden net riden. Hy moast doe fan syn Astana-ploech itselde programma ride as kopman Nibali. Mar no is 'it Beest" Westra wer werom yn Flaanderen, de streek dêr't de koers as 'hoogmis' sjoen wurdt.