Gjin treinen, mar bussen tusken Ljouwert en Bûtenpost

De trein stiet stil yn de greide flak by it trasee fan de Sintrale As © Anton Kappers
Treinreizgers tusken Ljouwert en Grins moatte freed rekken hâlde mei fertragings. Troch in oanriding mei in persoan op freedtemoarn by Hurdegaryp kinne der freedtemoarn gjin treinen ride op it trajekt tusken Hurdegaryp en Bûtenpost.
Arriva set bussen yn om de reizgers te ferfieren. De reizgers moatte wol rekken hâlde mei in langere reistiid.