Plysje hâldt stel oan foar molkpoeierrôf

25 mrt 2016 - 10:34
Molkpoeier yn de supermerk yn Garyp - Foto: Andor Faber - Omrop Fryslân

De plysje hat tongersdeitemiddei yn Ljouwert in man en in frou oanhâlden foar it stellen fan molkepoeier. De man fan 22 en de frou fan 21 jier waarden trappearre yn in winkel oan de Tynjedyk yn Ljouwert. Se hiene ien blik babypoeier meinaam sûnder te beteljen.

It stel moat op 29 juny foar de plysjerjochter ferskine. Se binne yn ôfwachting dêrfan wer frijlitten.

Trefwurden: 
stellerij molkpoeier
(advertinsje)
(advertinsje)