Tilburgers oanhâlden mei drugs op It Hearrenfean

Oanhâlding © ANP
Twa ynwenners fan Tilburg binne tongersdeitejûn oanhâlden foar it in besit hawwen fan drugs. De manlju fan 20 en 27 jier hiene yn de boskjes by in parkearterrein yn it sintrum fan It Hearrenfean ferskate soarten drugs ferstoppe. Dit wie sjoen troch surveillearjende aginten. De twa stapten dêrop yn in auto en naaiden út.
Op in oar plak op It Hearrenfean krigen de manlju in stopteken, en waarden se oanhâlden. De manlju binne ynsletten foar neier ûndersyk. De auto is yn beslach nommen.